Van Aken docht snein net mei yn wedstriid tsjin Vitesse

29 maaie 2015 - 12:25
  • Joost van Aken

SC Hearrenfeanspiler Joost van Aken komt snein net mear yn aksje yn de lêste play-off-wedstriid tsjin Vitesse. Dêrmei is it seizoen oer foar Van Aken. Hy foel tongersdeitejûn yn de earste wedstriid tsjin Vitesse út mei in blessuere oan de hamstring.

Van Aken giet freed foar fierder ûndersyk nei it sikehûs. De wedstriid fan snein komt neffens de medyske stêf fan de klup te betiid foar him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)