Van Agtmaal wint Súd-Fryslân

18 apr 2009 - 21:48

Peter van Agtmaal hat sneon de Ronde fan Súd-Fryslân wûn. Yn de lêste tsien kilometer naaide de hurdfytser fan Huijbergen út út in kopgroep fan fjirtjin man. Foar it Abe Lenstra stadion kaam er nei 172 kilometer allinnich oer de einstreek. Jan Bos fan Nijhoarne waard de twadde man dy't solo oer de einstreek kaam.

Yn de striid om it tredde plak wûn René Hooghiemster fan Drachten de sprint fan Hurdegariper Marcel Beima.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)