Van Agt en Wiegel prate mei NHL-studinten yn Ljouwert

21 sep 2015 - 20:00

Ald-premier Dries van Agt en âld-minister Hans Wiegel wienen moandei op besite by studinten fan de NHL yn Ljouwert. De jongerenorganisaasje fan de VVD, de JOVD, hie beide steatsmanlju útnoege om te diskusjearjen mei de jongeren. It wie moandei 'Ynternasjonale Dei fan de Frijheid'.

Oan de oarder kamen saken út it ferline, bygelyks oer hoe't beiden manlju yn in pear dagen tiid in kabinet foarmearren. Mar it gie ek oer saken út de aktualiteit, lykas de flechtlingeproblematyk en de situaasje yn it Midden-Easten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)