Väyrynen langer útskeakele

24 mrt 2009 - 14:45

Mika_Väyrynen, spiler fan SC_Hearrenfean is nei alle gedachten foar minimaal in heal jier útskeakele. De Finske middenfjilder sil ynkoarten operearre wurde oan ´e knibbel.

Väyrynen rekke 31 jannewaris blessearre yn de wedstriid tsjin Ajax. Yn earste ynstânsje like it ta te fallen, mar nei´t er wat begûn te trainen, krige er dochs wer lêst. Väyrynen waard foar dit seizoen oernaam fan PSV, dêr´t er ek in soad blessueres hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)