Vadeko yn Winsum fallyt

18 maaie 2013 - 12:30
  • Vadeko

It bedriuw Vadeko Houtconstructies yn Winsum is fallyt. It bedriuw sil it fallisemint takom wike oanfreegje. Dêrmei komme sa'n tritich meiwurkers op strjitte te stean. It personiel fan Vadeko is freed op de hichte brocht. Vadeko leveret ûnder oare prefab-dakken en houtskeletkonstruksjes. De reden fan it fallisemint is de boukrisis. Der wienen al wat langer problemen mei it útbeteljen, it lean kaam faak al in pear dagen letter. No mei it beteljen fan it fakânsjejild yn maaie komt der noch wer in ekstra lêst by.

Bernard Zijlstra fan fakbûn CNV wit net oft der kâns op in trochstart is. Hy hopet dat de kurator dêr alles oan docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)