Vadeko Flyers winne fan Turnhout

28 nov 2004 - 15:14

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers fan It Hearrenfean spilen sneon op it eigen iis foar de Coupe der Lage Landen tsjin it Belgyske Turnhout. It gong net maklik, mar de Flyers wûnen wol. It waard 8-4 foar de Feansters.

Nei twa perioaden stie de ploech fan trener-coach Dave Hyrsky noch op 2-4 achterstân. Yn de lêste perioade wie it ferset fan de White Caps lykwols brutsen. De perioadestannen wiene 1-4,1-0 en 6-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)