Vaatstra's ûndersykje moard sels

06 maaie 2004 - 00:00

De âlders fan Marianne Vaatstra stelle sels in ûndersyk yn nei de moard op har dochter. Yn streekblêd De Westereender hat de famylje in oprop pleatst foar tsjûgen. De Vaatstra's binne op syk nei minsken dy't wat fertochts sjoen ha by Feankleaster der't Marianne fiif jier lyn ombrocht waard.

Justysje hat it ûndersyk yntusken stopset, mar heit Bouke Vaatstra fynt dat de saak net goed genôch ûndersocht is. Hy hat al inkelde tips binnenkrigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)