Vaatstra's sykje brieveskriuwer

08 jan 2002 - 00:00

De famylje Vaatstra fan de Westerein is op syk nei de skriuwer fan in anonime brief. Wat der yn de brief stiet wolle se net sizze, mar wol dat it in oar ljocht smite kin op it ûndersyk nei de moard op harren dochter Marianne.

De âlden ha sneon yn it Nieuwsblad van het Noorden in oprop dien oan de brieveskriuwer om him te melden. As er dit net gau docht wurdt de ynhâld bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)