Vaatstra's prate oer Marianne

23 nov 2012 - 20:54
  • Marianne Vaatstra

Der is gjin passende straf foar de moardner fan Marianne Vaatstra. Dat sizze har broers en susters. Sus Rennie fynt 80 jier noch net genôch. De twa broers en trije susters fan Marianne wiene freed te gast yn it Omrop Fryslân-programma 'Need op Freed'. It wie foar it earst dat se mei har allen reagearren op de saak.

Yn 'e útstjoering waard praat oer hoe't Marianne wie en hoe't de famylje de 13,5 jier nei har dea belibbe hat. De ôflevering fan 'Need op Freed' mei de Vaatstra's wurdt kommende snein werhelle, om 15.30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)