Vaatstra:'prate mei fertocht

20 nov 2012 - 06:08
  • Bauke Vaatstra, heit Marianne Vaatstra

Bauke Vaatstra wol prate mei de man dy't fertocht wurdt fan de moard op syn dochter. Dat sei er moandeitejûn yn it televyzjeprogramma Nieuwsuur. Vaatstra wol sels út de mûle fan de man hearre hoe't dy ta syn die kaam is.

Vaatstra tinkt dat der wol glês tusken himsels en de fertochte sitte moat. Se moatte him net mei him allinne litte, sei Vaatstra yn Nieuwsuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)