Vaatstra-brieven net út Anloo

28 mrt 2006 - 00:00

De man dy't foar TV Drinte sei dat er de famylje Vaatstra anonime brieven stjoerd hat, hat dat net dien. Dat hawwe plysje en justysje bekendmakke.

Marianne Vaatstra waard yn 1999 by Feankleaster fermoarde. De famylje hie lêst fan ien dy't bieven en knipsels oer allerhande moardsaken yn binnen- en bûtenlân stjoerde. In man út it Drintse Anloo soe dat dien hawwe, mar dat is dus net sa. De famylje hat net mear safolle lêst fan de brieven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)