Vaar4daagse giet oer

21 sep 2011 - 12:26

De Vaar4daagse dy 't dizze wike hâlden wurde soe op de Fryske marren giet net troch. Der ha har fjouwer minsken opjûn, wylst de organisaasje hope hie op op syn minst 15 dielnimmende skippen. Foaral it minne waar soe it farevenemint dwers sitten ha.

De finansjele skea falt ta, der is allinne jild útjûn oan promoasje. Takom jier sil opnij besocht wurde de Vaar4daagse te organisearjen. Mooglik dan earder yn it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)