V. d. Lelie wint heale maraton

29 mrt 2008 - 15:43

Rudi_van_der_Lelie fan Jobbegea hat sneon de heale maraton fan Ljouwert wûn. Van der Lelie wie mei 1.12.15 ien sekonde rapper as de Ljouwerter Martin_Ketellapper.

De winner fan ferline jier, Remon_van_Lunzen, waard tredde yn 1.13.41. By de froulju wûn Yvonne_Kassenberg út Burgum (1.30,34). Lydia_Klessens út Ljouwert kaam 3 minuten en 17 sekonden letter as 2e oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)