UWV: "Tsien wurksykjenden foar ien fakatuere"

18 aug 2015 - 13:16
  • UWV

It is dreech om yn Fryslân wurk te finen. Foar eltse fakatuere binne der wol tsien wurksykjenden. Dat docht bliken út sifers oer 2014 fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn oare provinsjes is it minder dreech om wurk te finen. Yn Utert bygelyks binne der fjouwer oant fiif wurkleazen foar in fakatuere.

Yn trochsneed binne der seis wurkleazen op ien fakatuere. Neffens it UWV skoarde it Noarden yn 2014 leech yn fergeliking mei de Rânestêd, mar liket it oer 2015 better te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)