UWV: tal wurkleazen tanaam

17 okt 2013 - 11:31

De wurkleasheid yn Fryslân is de ôfrûne moanne wer fierder tanaam. Mei-elkoar hiene yn septimber hast 17.500 minsken in WW-útkearing. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it UWV. Dat is 0,7 persint mear as yn augustus fan dit jier en 28 persint mear as oer deselde perioade fan ferline jier.

Benammen yn Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat naam it tal wurkleazen bot ta. Allinnich op Skiermûntseach wiene der minder wurkleazen. Dat komt nei alle gedachten troch seizoensynfloeden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)