UWV sjocht skerp ta op soarch

16 jul 2014 - 19:05
  • Thússoarchmeiwurkster

Soarchynstellings moatte net te gau minsken dien jaan fanwege de feroarings yn de soarch. Steatssiktaris Martin van Rijn hat it UWV frege om hjir ekstra skerp op ta te sjen. Van Rijn sei dit woansdei op in moeting mei de parse yn Utrecht. Mei yngong fan 2015 nimme de gemeenten in soad soarchtaken fan it Ryk oer, bygelyks op it mêd fan de húshâldlike help. Tagelyk wurdt der ek besunige. In soad gemeenten moatte noch beslute wa't se ynskeakelje sille foar de húshâldlike help.

Ynstellings dy't no al minsken ûntslaan wolle, moatte der dêrom rekken mei hâlde dat it UWV in ûntslachfergunning wegerje sil. Troch dizze krityske opstelling wol Van Rijn besykje foar te kommen dat der de kommende moannen 'ûnnedige ûntslaggen' falle yn de soarchsektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)