UWV net benaud foar bedrigings

27 okt 2004 - 10:10

Meiwurkers fan it UWV-kantoar yn Ljouwert binne net benaud wurden fan bedrigings oan har adres. In organisaasje dy't himsels it Comité Sociale Burgerrechten Nederland neamt, hat oan ferskate UWV-kantoaren driichbrieven stjoerd.

Yn de brieven wurdt drige om personeelsleden te oerjitten mei in bitende stof. It Iepenbier Ministearje yn Amsterdam nimt de saak heech op en stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)