UWV: Misbrûk fan froastferlet

12 feb 2013 - 10:31

Ek yn Fryslân misbrûke boubedriuwen dizze winter de froastferletregeling. Dat seit it UWV. Dat hat hast 500 boulokaasjes yn it hiele lân kontrolearre. Dêrby waarden 83 boufakkers oantroffen fan wa't it boubedriuw sein hie dat se fanwege de froast net oan it wurk koene, mar dy't wol oan it wurk wiene.

It UWV kin net sizze om hoefolle boufakkers it yn Fryslân giet, mar seit dat it byld hjir net ôfwykt fan it lanlike. Fanwege it grutte tal oertredings sil it UWV de kommende dagen faker kontrolearje.

Boubedriuwen by wa't misbrûk konstatearre is, wurde de rest fan de winter útsletten fan de regeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)