UWV: 50-plussers kânsryk yn detailhannel en hoareka

10 jun 2015 - 10:42
  • UWV

Foar minsken âlder as 50 jier is der de kommende jierren benammen wurk yn de detailhannel en de saaklike tsjinstferliening. It giet dan om útstjoerbanen en advysfunksjes. Dat ferwachtet útkearingsynstânsje UWV op basis fan ûndersyk nei de kânsen foar 50-plussers. Yn de sûnenssoarch is lykwols amper wurk foar harren.

It UWV ferwachtet wol in positive trend foar de wurkgelegenheid foar 50-plussers, mar foaral yn tydlik wurk. In fêste baan is amper mear te finen. It UWV rjochtet har hoop op de detailhannel en de hoareka.

Dat binne sektoaren dêr't amper âlderen wurkje, wylst konsuminten wol graach holpen wurde wolle troch minsken mei ûnderfining. Neffens it UWV is it wol belangryk dat âlderen trochgeane mei opliedingen. It giet der om dat minsken har altyd oanpasse kinne oan feroarjende omstannichheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)