Utwykrûtes by A6 en A7

12 nov 2008 - 16:51

Rykswettersteat hat by de A6 en de A7 lâns tusken De Lemmer en Fryske Peallen sechtjin saneamde útwykrûtes útset. At der troch in ûngelok files op de dyk ûntsteane kin it ferkear fan de dyk ôfgean en in alternative rûte folgje.

De útwykrûtes wurde oanjûn troch in spesjaal ferkearsboerd. It giet om in blau boerd mei in grutte U derop. Doel fan de útwykrûtes is om files en oerlêst foar dykgebrûkers lytser te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)