'Utwreiding Waadhavens dreech'

06 mrt 2009 - 19:51

It wurdt dreech om de havens op de Waadeilannen út te wreidzjen. Dat tinkt foarsitter Margreet de Boer fan de Raad voor de Wadden. Neffens har is op de measte eilannen gjin romte foar útwreiding. Boppedat jilde der strange regels oangeande de natuer.

It útwreidzjen fan de havens is in winsk fan de bestjoeren fan de eilannen. Dy wolle troch de útwreiding de havens ûnder oare feiliger meitsje. Ek komme der hieltyd mear boatsjefarders nei de eilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)