Utwreiding Singelland Burgum

13 nov 2004 - 15:25

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel wolle acht ton stekke yn in útwreiding fan skoallemienskip Singelland yn Burgum. De skoalle hat te min rûmte, ûnder oare om't Havo-learlingen dêr no ek de tredde klasse folgje kinne.

It grutste diel fan de acht ton fan de gemeente is bedoeld foar útwreiding en ferbou en in lytser diel foar de oanskaf fan meubels. Oare kosten wurde betelle troch de skoalle sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)