Utwreiding Rentex Florence

30 jan 2001 - 11:39

Waskerij Rentex Florence yn Boalsert wreidet flink út. De ûndernimming dy't ûnder oare bedriuwsklean wasket, nimt de ôfdieling sûnenssoarch fan Hokatex Alkmaar oer.

Rentex Florence hat plak foar 30 nije wurknimmers. Om de nije minsken ûnder te bringen komt der nijbou op it terrein fan de Melkweg achter Rentex Florence. It giet om 6000 fjouwerkante meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)