Utwreiding OSG Singelland los

17 jul 2012 - 10:38
  • Drachtster Lyceum

Yn Drachten is in begjin makke mei de útwreiding fan it lyceum fan OSG Singelland. De útwreiding is nedich omdat de skoalle hieltyd mear learlingen krijt. Yn it hjoeddeiske gebou is plak foar 1100 learlingen, wylst dat takom skoaljier 1250 binne.

Doel is dat de bûtenkant fan it gebou der noch foar de boufak stiet, nei de krystfakânsje moat ek de binnenkant klear wêze. De bou kostet twa miljoen euro, de gemeente betellet dêr 1,8 miljoen fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)