Utwreiding nije wenwyk De Jouwer

03 des 2005 - 15:22

Op De Jouwer wurdt mids desimber de earste peal slein fan in nij stik fan de wenwyk Wyldehoarne. Dat is in nije wenwyk, dêr't úteinlik mei elkoar sa'n 750 huzen komme moatte. Mids desimber wurdt begûn mei de bou fan 140 huzen, foaral yn de hiersektor en goedkeapere keapwenten.

Dy huzen binne bedoeld om trochstreaming út besteande hierwenten op gong te krijen en wurde foar in part ûnder de merkpriis oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)