Utwreiding koarting 16-18 jier

28 aug 2008 - 12:23

De koartingsregeling dy't de provinsje betocht hat foar bern tusken de 16 en 18 jier dy't nei de middelbere skoalle gean, wurdt mooglik útwreide. Der wurdt besjoen oft ek de treinferbining fan Ljouwert nei Swol der yn opnommen wurde kin.

Om âlden wat temjitte te kommen yn de reiskosten dy't har bern meitsje hat de provinsje 1 miljoen euro beskikber steld. Der wie allinnich betizing oer hoe't dat jild ferdield wurde moat. Yn de steaten is hjir woansdei oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)