Utwreiding foar Nederlânske shorttrackploech

23 apr 2015 - 17:18
  • De Nederlânske shorttrackploech

De Nederlânske shorttrackploech wurdt takom seizoen útwreide mei seis nije nammen. De ploech, mei ek Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Rianne de Vries, krijt mear selsskip by de trainings. Under oaren Suzanne Schulting fan De Tynje, Leon Bloemhof en Dennis Visser fan It Hearrenfean en Itzhak de Laat fan Ljouwert krije in plak yn de nasjonale trainingsseleksje fan reedrydbûn KNSB. De ploech stiet ûnder lieding fan Jeroen Otter en Kip Carpenter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)