Utwreiding foar Kooyenga Groep

06 jan 2014 - 16:16
  • Kooyenga Groep

De Kooyenga Groep út Dokkum hat fan 1 jannewaris ôf in part fan de aktiviteiten fan kollega Bobeldijck út Capelle aan den IJssel oernaam. It giet om it ûnderdiel Burgerzaken. Dêrfan nimt Kooyenga de tsjinsten en de tsien personielsleden oer. Dêrmei ferdûbelet Kooyenga de eigen divyzje Burgerzaken. De aktiviteiten fan Bobeldijck wurde yn Dokkum útfierd.

Letter dit jier iepenet de Kooyenga Groep ek noch in kantoar yn Noard-Brabân. Dêrút wei kinne de súdlike gemeenten betsjinne wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)