Utwreiding biblioteek Dokkum

12 nov 2004 - 10:15

De iepenbiere biblioteek yn Dokkum wurdt útwreide ta kultuer-histoarysk kennissintrum. Yn in nije fleugel sil de gemeente Dongeradiel it streekargyf ûnderbringe. Ek binne der plannen om de keunstútlien en it Bonifatius-argyf in plakje te jaan yn de biblioteek.

Om't de biblioteek mear rûmte nedich hat, komt der ek in nij kantoar. De plannen foar it nije kennissintrum kostje de gemeente struktureel 45.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)