Utwreiding Antonius Emmeloard

07 okt 2008 - 11:08

It Antonius-sikehûs yn Emmeloard sil gauwer as de bedoeling útwreide wurde. Dit is ien fan 'e manieren om foar te kommen dat der in wachtlist ûntstiet yn it Antonius yn Snits.

Der wurdt groei ferwachte omdat Snits behannelings fan 'e sikehuzen yn Lelystêd en Emmeloard oernimt. Dizze sikehuzen meie dat net dwaan, fanwege problemen mei de loftbehanneling. Foar de ein fan it jier moatte yn Emmeloard in apteek, 15 polykliniken en in ôfdieling radiology optúgd wurde

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)