Utwikselingprojekt âld en jong

11 jun 2014 - 17:31
  • Wensoarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert

Bewenners fan it wensoarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert krigen woansdeitemoarn besite fan studinten frijetiidskunde fan Stenden Hegeskoalle. De studinten wolle graach witte hoe't de âlderein har frije tiid besteget.

De besite oan it wensoarchsintrum is ûnderdiel fan in grutter projekt. De âlderein mei op har beurt nei Stenden takomme om te sjen hoe't it studintelibben der útsjocht. Sa krijt sawol de jongerein as de âlderein in idee fan elkoars libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)