Utwike foar keukentrep op A32

19 okt 2010 - 10:07

In aluminium keukentrep hat moandei op 'e grutte dyk by It Hearrenfean foar in soad opûnthâld soarge. In auto moast fanwege de trep útwike. De bestjoerder botste op de auto fan in frou dy't dêrtroch tsjin de fangrail ried. In oare autobestjoerster ried oer de trep hinne.

Alle bestjoerders kamen mei de skrik frij, mar de auto's hiene wol skea. It ferkear waard in skoft stillein om it guod fan 'e dyk te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)