Utwike foar gefaarlike rider

22 apr 2012 - 14:21

    It rydbewiis fan in man (76) út Sint Jânsgea is sneon ynnaam nei gefaarlik riden. In plysje seach de man by Sint Jânsgea ticht tsjin de middenstreep oanriden en rekke hast de spegel fan tsjinlizzers. Op de Hege Dyk gie er oer de streep hinne. De plysjeman warskôge tsjinlizzers mei ljochtsinjalen. Dy gongen sawat de berm yn om in frontale botsing foar te kommen. De plysje joech oan dat de man stopje moast. De bestjoerder ûntkende syn riden op de ferkearde baan en hie gjin tsjinlizzers sjoen. It CBR sjocht oft de man noch ride mei.

    De plysje freget de automobilisten dy't sa útwike moasten om in botsing foar te kommen kontakt op te nimmen mei de plysje.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)