Utwerpselen brûkt as keunstdong

09 feb 2006 - 12:46

Snits hat in Europeeske primeur mei it wenningbouprojekt Lemmerweg-Oost. Twa wenningboukorporaasjes brûke by de bou fan de 32 hûzen de nijste techniken.

Sa komme der spesjale húskes dy't folle minder wetter brûke by it trochspielen. De útwerpselen wurde fuortsûge troch in systeem dat ek yn fleantugen brûkt wurdt. It guod komt net yn it rioel mar op in plak dêr't it ferwurke wurde kin ta bygelyks keunstmest of biogas. It earste hûs is oer in pear moanne klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)