Utsupporters net wolkom by Jong Cambuur-Jong Hearrenfean

30 nov 2015 - 12:34

Supporters fan SC Hearrenfean kinne moandeitejûn net nei de wedstriid tusken Jong SC Cambuur en Jong SC Hearrenfean. Cambuur hat foar de wedstriid fan de beloften in clubcard-ferplichting ynsteld. "Er ligt altijd druk op dit soort wedstrijden, het is toch een kleine derby. Het zou naïef zijn om geen veiligheidsmaatregelen te nemen", sa seit algemien direkteur fan SC Cambuur Ard de Graaf. Wa't gjin clubcard fan Cambuur hat, komt it stadion net yn. SC Hearrenfean lit witte him del te lizzen by dit beslút.

Demisjonêr bestjoerslid fan SC Hearrenfean Hans Vonk seit yn in reaksje: "Wij laten de beslissing over aan Cambuur. Wij hopen dit soort wedstrijden altijd vrij toegankelijk te houden, maar ze zullen hun redenen hier wel voor hebben. We hebben het te accepteren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)