Utstjoering Euro Brass sukses

06 jun 2011 - 10:54

De live-útstjoering fan it brassbandkonkoers Euro Brass op omroplive.nl is ofrûne freed en sneon hast 20 tûzen kear oanklikt. De útstjoering is dêrmei in grut sukses.

De measte besikers kamen fansels út Nederlân, mar ek fanút it bûtenlân wiene der in protte folgers. Sa wiene der 3000 besikers út België, 1300 út Amearika en 500 út Ingelân. Euro Brass waard foar de tsiende kear organisearre. Oan it evenemint diene 23 brassbands út 5 lannen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)