Utstjoerburo op It Hearrenfean sân dagen yn 'e wike iepen

02 jun 2015 - 07:57
  • De mannen fan Inzet.nl sille sels sân dagen yn 'e wike oan it wurk

As earste útstjoerburo yn Nederlân sil Inzet.nl sân dagen yn de wike foar de klant oan it wurk. Fan 1 septimber ôf is it Hearrenfeanster bedriuw alle dagen fan de wike iepen. It buro wol sa noch mear ynspylje op de klanten en de bedriuwen út de omjouwing. It útstjoerburo kin dan ek oanfragen fan bygelyks de hoareka altyd fuortendaliks ferwurkje.

De eigeners fan it buro tinke dat sawol bedriuwen as minsken dy't wurk sykje ferlet hawwe fan dizze ekstra iepeningstiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)