Utstind oer bestimmingsplan

13 maaie 2014 - 16:55
  • Gemeente Opsterlân

Opsterlân hat nei sân jier fan fergaderjen en in soad tûkelteammen lang om let in 'Bestimmingsplan Bûtengebied'. Hjiryn is alles wat bûten de doarpen bart regele. It probleem is dat der yn de gemeente trije Natura 2000 gebieten lizze en dan ha boeren te krijen mei beheinings. Dochs krije se safolle mooglik de frijheid om út te wreidzjen.

Fierder binne wynmûnen noch hieltyd ferbean, mar der binne wol mooglikheden foar sinnepanielen. Der wienen 79 beswierskriften yntsjinne, mar de measten binne oplost troch oanpassings oan it plan, seit wethâlder Piet van Dijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)