Sloop oan De Kelders letter

07 jan 2014 - 21:04

De sloop fan de útbaarnde pannen oan De Kelders yn Ljouwert is in pear wike útsteld. Oarsaak is de fynst fan asbest yn ien fan de gebouwen. Dat hawwe de eigeners tiisdeitejûn te hearren krigen. Dy kamen doe foar it earst byelkoar.

De fynst fan asbest hat nei alle gedachten gjin gefolgen foar de werbou fan de pannen. Doel is dat dy nei de simmer begjint en in jier letter klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)