Utstel Ryk beslút sâltwinning

05 des 2013 - 22:06
  • Struisâlt

It beslút oer de sâltwinning ûnder de Waadsee rint fertraging op. Steatssiktaris Sharon Dijksma skriuwt de Twadde Keamer dat sy wachtsje wol op ekstra ynformaasje fan Frisia Sâlt.

Dit hat alles te krijen mei in rapport fan it Keninklik Nederlânsk Ynstitút foar See-ûndersyk dat taheakke is oan de beswieren fan ûnder oare de Waadferiening en Natuurmonumenten tsjin de sâltwinning. Neffens dit rapport soarget de boaiemdelgong der foar dat de Ballastplaat yn it westlik Waad mooglik tydlik ferlern giet as fretplak foar fûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)