Utstel reguliere faksinaasjes

11 nov 2009 - 23:30
  • De gewoane faksinaasjes foar bern wurde útsteld

De gewoane ryksfaksinaasjes foar bern is útsteld oant 3 jannewaris. Dat komt trochdat de GGD yn Fryslân earst drok dwaande is mei de faksinaasjes tsjin de Meksikaanske gryp foar bern yn de risikogroep. Yn dy groep sitte bern fan seis moanne oant fiif jier.

Lytse poppen jonger as fjouwer moanne krije noch wol de saneamde HepB faksinaasje. Neffens de GGD Fryslân is de kâns lyts dat bern siik wurde troch it útstel fan de reguliere faksinaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)