Utstel oanlis wâlbeskerming

10 nov 2009 - 11:50

Opsterlân wol de oanlis fan de wâlbeskerming oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart mei in jier útstelle. Doel wie om dat noch dit jier te dwaan. Der rint noch in ûndersyk nei de takomst fan de Turfrûte en de Kompanjonsfeart is dêr ûnderdiel fan.

De gemeente wol net no dy wâlbeskerming oanlizze en der aanst achterkomme dat út it ûndersyk bliken docht dat it dochs oars moat. It is no de bedoeling om takom jier mei de oanlis te begjinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)