Utstel foar Uhunamure

19 sep 2003 - 00:00

Esther Uhunamure fan Kollumersweach kin foarearst yn Nederlân bliuwe. Freed hat it komitee 'Esther moat bliuwe' bekendmakke dat it dossier fan de Nigeriaanske noch ris besjoen wurdt.

Justysje sil it dossier wer trochljochtsje en salang mei de frou offisjeel net it lân útset wurde. Uhunamure is al fiif jier yllegaal yn Nederlân. Se wennet by in Fries en hat mei him twa dochters. It gesin driget útinoar helle te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)