Utstel fan betelling foar technysk tsjinstferliener Imtech

11 aug 2015 - 10:24
  • Kantoar Imtech Drachten

Technysk tsjinstferliener Imtech hat útstel fan betelling oanfrege by de rjochtbank yn Rotterdam. It fersyk is goedkard en der binne bewâldfierders oansteld. It bedriuw, mei ek in fêstiging yn Drachten, die it fersyk nei't ferline wike Imtech Dútslân it fallisemint oanfrege.

Petearen oer in ekstra liening fan 75 miljoen euro om de problemen op te lossen, binne mislearre. It is net dúdlik hokker gefolgen dit hat foar de projekten dêr't Imtech oan wurket. It bedriuw mei it haadkantoar yn Gouda jout oan de ein fan de moarn in parsekonferinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)