Utstel betelling Cosmo Trucks

19 aug 2014 - 13:55
  • Tsjustere wolken boppe Cosmo Trucks yn Ljouwert
  • Cosmo Trucks yn Ljouwert

Cosmo Trucks, ûnderdiel fan Koops Furness, hat útstel fan betelling oanfrege. Cosmo Trucks is in bedriuw dat frachtauto's ûnderhâldt. It hat festigings yn it hiele lân, ek yn Ljouwert, Boalsert, Sint Anne en op It Hearrenfean. Mei-inoar wurkje der 55 minsken.

Neffens lokaasjemanager Bijlker wurdt der gewoan trochwurke. De gefolgen foar de Fryske festigings binne noch net wis. FNV Bondgenoten hopet dêr tiisdei dúdlikheid oer te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)