Utstel beteljen Frisian Shipyard

07 aug 2001 - 00:00

It fakbûn FNV is net ûntefreden mei de oanfraach fan útstel fan beteljen foar de Harnzer werf Frisian Shipyard. De oanfraach fan surseance jout wer in iepening foar oername troch de werf Bodewis yn Foxhol. Neffens it fakbûn is dat de bêste posysje foar it bedriuw.

Ald-direkteur Van der Schoot hat fan alles besocht om de oername tsjin te hâlden, mar is no bûten spul set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)