Utstel beslút fjilden Frjentsjer

12 maaie 2006 - 11:22

Der wurdt foarearst noch gjin beslút naam oer de fuotbalfjilden fan Sportklub Frjentsjer. In moasje fan Gemeentebelangen oer de oanlis fan in spesjaal wedstriid- en treningsfjild op it hjoeddeistige kompleks is in moanne ferskood.

B&W wolle dat it treningsfjild oan de Saxenleane opknapt wurdt en dat op sportkompleks Bloemketerp twa nije treningsfjilden oanlein wurde. De klub giet dêrmei lykwols net akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)