Utstel beslút Bildtse Slach

13 okt 2005 - 05:57

Swimbad De Bildtse Slach yn Sint Anne krijt noch in kâns fan de gemeente It Bilt. B&W hawwe it foarstel oer de takomst fan it swimbad ynlutsen.

De direksje moat no útrekkenje hoe't se finansjeel rûnkomme kinne en hokker tariven der berekkene wurde moatte. Nei alle gedachten sil de kaartsjes foar it swimbad wol djoerder wurde. De gemeente jout no alle jierren sawat 360.000 euro. De Bildtse Slach wol eins mear jild hawwe, mar B&W wolle dat net jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)