Utstalling Sjoerd Janzen

20 aug 2011 - 17:17

Snein iepenet yn Easterbierrum in nije oersjochtentoanstelling fan Sjoerd Janzen. Sjoerd Janzen fan Easterbierrum waard keunstner mar stoar 5 jier lyn doe't er noch mar 51 wie. Yn museum Belvédère wie doe foar it lêst syn wurk te sjen.

De útstalling yn Easterbierrum is twa wike lang iepen. It is op Janzen syn pleats en yn de herfoarme tsjerke fan it doarp. It grutste skilderij is 9 by 3 meter en hinget yn de tsjerke dêr't er as jonkje mei syn heit en mem kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)