Utstalling 'Op de weg van Anne Frank' yn stasjon Snits

02 jul 2015 - 10:17
  • In diel fan de eksposysje oer de deportaasjes yn it Snitser stasjon

Wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân iepenet tongersdei de útstalling Op de weg van Anne Frank op it stasjon fan Snits. Yn de útstalling binne ferhalen te besjen en te beharkjen oer de deportaasjes yn de Twadde-Wrâldoarloch fanút Kamp Westerbork nei de ferneatigingskampen.

De eksposysje makket diel út fan in projekt dêr't in tal Dútske ynstellings oan meiwurkje yn gearwurking mei Herinneringscentrum Kamp Westerbork. Ien fan de tsjûgen dy't yn de útstalling syn ferhaal docht is Gerrit Dijk (95). De man hat de deportaasjes sjoen.

Dijk is tongersdei by de iepening oanwêzich. De útstalling is noch oant en mei 30 septimber dit jier te besjen. In kaartsje kostet trije euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)